nederlandse taal
english language

 
Poetry International Web
en/nl
dutch news
previous | next
 
 
 

wylst ús hier tinner wurdt
en yn de beammen de apen laitsje
 
wylst we hieltyd faker it dak op moatte
om de fuortwaaide pannen werom te lizzen
 
wylst ús hier tinner wurdt
en de apen yn de beammen laitsje
 
wylst de dokter ús faker sitten sjocht
yn de snotterige en de kocheljende wachtkeamer
 
wylst de apen laitsje
 
wylst de iene nei de oare stjert
en syn dieden net mei it grêf
yn nimt
 
bliuwe de apen jong
en laitsje
 
wylst it krôkjen en it ôfskiten
dy oeral hinne beselskipje
en de terms en de longen slite
 
wylst it smûke plakje
ûnder de beammen
lokket
 
laitsje de apen
om de kracht dy’t fuortglûpt
út dyn apelskilende
hannen
 
sjochst har oan
sjochst oars nei de grûn
en wylst dit alles
 
wurdt de honger fan de apen
grutter
 
wylst de ferjeffenis ferskronfelet
en lulkens allinnich mar ferfellet
 
laitsje de apen
 
bliuwt de lulkens jong
while our hair grows thinner
and the monkeys laugh in the trees
 
while we keep on having to go up on the roof
to replace the blown-off tiles
 
while our hair grows thinner
and the monkeys in the trees laugh
 
while the doctor sees us more often
in his coughing sniffling waiting room
 
while the monkeys laugh
 
while people die one after the other
and never take their deeds with them
into the grave
 
the monkeys stay young
and laugh
 
while the farts and belches
accompany you everywhere
and your gut and lungs wear out
 
while the sheltered spot
under the trees
tempts you
 
the monkeys laugh
at the fading strength
of your apple-peeling
hands
 
you look at her
or you look at the ground
and all the while
 
the monkeys’ hunger
grows
 
while forgiveness shrivels
and anger only sheds its skin
 
the monkeys laugh
 
and anger stays young